Al 29 kear hat Simone Scheffer de alvestêdetocht fytst. Alle kearen die sy ferslach foar Omrop Fryslân, op radio, televyzy en online. Op pinkstermoandei 9 juny 2025 docht sy dit foar de 30ste en lêste kear! Dêrom fytst sy, mei in team fan 15 freonen, famylje en kollega’s, yn 2025 foar it goeie doel. Help mei om fan dizze 30ste kear fan Simone in ûnferjitlike edysje te meitsjen!
Oan de Freerk Faberweg yn Parregea stiet soarchbuorkerij Veldzicht. It soarchoanbod bestiet út deibesteging foar folwoeksenen, bygelyks mei demintens of net oanberne harsenletsel of GGZ-problematyk. Fierder wurde der ek útfanhûzerswykeinen hâlden foar jongeren en wurdt der edukative stipe jûn. https://zorgboerderijveldzicht.nl
Mei help fan de Stichting Vrienden van Veldzicht is der de ôfrûne jierren al jild ynsammele foar in duofyts en de kliënten fan Veldzicht hawwe dêr al in protte wille oan belibbe. Veldzicht wol de groep dy’t meikin op de duofyts noch graach wat grutter meitsje en dat kin mei help fan in duofytsoanhinger. Sa’t de namme al seit: dy kin efter de gewoane duofyts hongen wurde.
De ferjochtingen fan Simone Scheffer en har team binne pinkstermoandei 9 juny de hiele dei te folgjen by Omrop Fryslân op radio en televyzje. De útstjoering begjint om 8.00 oere en duorret oant jûns 20.00 oere. Fierder hâldt Omrop Fryslân in liveblog by oer de fytsalvestêdetocht op de app fan Omrop Fryslân en omropfryslan.nl
De útstjoering wurdt de hiele dei makke yn gearwurking mei Omroep Zilt, Radio Spannenburg en RTV NOF.
Kontakt
Simone Scheffer, Omrop Fryslân
Postbus 7600
8913 JP Ljouwert
Sels jild oermeitsje kin ek. It bankrekkennûmer is NL 98 RABO 0116 5657 13 op namme fan Omrop Fryslân o.f.f. Team Simone